Door deze website te gebruiken gaat u akkoord met het gebruik van cookies op de website.
1 augustus 2022 10:30
Famyljedei VV SuameerEk dit jier wolle we mei alle leden en oanferwanten fan ús moaie klupke wer by inoar komme.Dit sil heve op saterdei 27 augustus.Dit jier begjinne we net moarns, mar kin de jongerein (oant en mei 15 jier) harren om 13.30 oere by de kantine melde om mei te dwaan mei spultsjes en oare ferdivedaasje.En jawis, der binne springkessens!Letter op de middei, om in oer as 16 à 16.30, ha we wat leuks foar de wat âldere jongerein en minsken wêrby it wurd jong miskien net hielendal mear fan tapassing is 😁 (oftewol eltsenien op de middelbere skoalle en âlder). Ek hjirfoar kin men sich krekt tefoaren melde by de kantine.Oanslútend is der sa as altyd wer in gesellige barbecue mei musikale oanklaaiing fan dit kear DJ Erwin.De kosten binne € 10,– per folwoeksene/âldere jongerein en € 5,– foar basisskoalle bern.Jim kinne jim oant en mei woandei 24 augustus opjaan by:Miriam van der Veen (magic_miriam@hotmail.com / 06-47 49 47 20)Ut namme fan VV Suameer winsket de nije aktiviteitenkommisje jim allen in moaie fakânsje ta.Faaks levert it wer genôch sterke ferhalen op foar by de barbecue.Oant sjen!
voeg je eigen gadgets toe aan deze pagina!
Sommige widgets kunnen meerdere malen worden toegevoegd. Bij meermaals toevoegen wordt achter de widgetknop aangegeven hoeveel keer de widget is toegevoegd.